1 / 27

PRESINTEARRET

PRESINTEARRET. Josse de Haan. winner fan de Gysbert Japicxpriis 2007. De Gysbert Japicxpriis 2007 is foar Josse de Haan syn bydrage oan de fernijing fan de Fryske literatuer. In kar út it literêre oeuvre fan Josse de Haan.

barto
Download Presentation

PRESINTEARRET

An Image/Link below is provided (as is) to download presentation Download Policy: Content on the Website is provided to you AS IS for your information and personal use and may not be sold / licensed / shared on other websites without getting consent from its author. Content is provided to you AS IS for your information and personal use only. Download presentation by click this link. While downloading, if for some reason you are not able to download a presentation, the publisher may have deleted the file from their server. During download, if you can't get a presentation, the file might be deleted by the publisher.

E N D

Presentation Transcript


  1. PRESINTEARRET

  2. Josse de Haan winner fan de Gysbert Japicxpriis 2007

  3. De Gysbert Japicxpriis 2007 is foar Josse de Haan syn bydrage oan de fernijing fan de Fryske literatuer

  4. In kar út it literêre oeuvre fan Josse de Haan

  5. Yn 1962 debutearret Josse de Haan mei it fers ’close-up’ yn it tydskrift Quatrebras

  6. Yn 1971 komt syn debútbondel ’Spegelbyld’ út

  7. en yn 1973 folget syn romandebút’forneukte stêd’

  8. De roman ’forneukte stêd’ wurdt as flessepost op de Waadsee te wetter litten

  9. Mei in plakplaatsje-aksje waard de wrâld wekker skodde

  10. Operaesje Fers Josse de Haan wie ien fan de oprjochters fan de dichterstelefoan Operaesje Fers

  11. Alternative Gysbert Japicxpriisútrikking oan de inisjatyfnimmers fan ’Operaesje Fers’ yn 1969. F.l.n.r. : Feyo Sixma van Heemstra, Josse de Haan, Willem Abma en Steven de Jong.

  12. útjouwer Josse de Haan wie aktyf yn de KU, de Koperative Útjowerij. Dat wie ek de útjouwer fan al syn boeken. Troch in skeel betanket De Haan foar de KU en begjint yn 2003 mei Trinus Riemersma de útjouwerij Venus.

  13. Tema’s yn it wurk fan Josse de Haan *Leafde *Erotyk *It net by steat wêzen fan minsken om elkoar fia taal te berikken

  14. Kredo fan Josse de Haan literatuer hat de funksje om de wrâld te feroarjen

  15. Neffens Josse de Haan: goede literatuer is net frijbliuwend literatuer moat de lêzer stikelje literatuer moat altyd wer fernijend wêze literatuer moat minsken op in spoar sette, fragen by harren oproppe literatuer konformearret nea oan it besteande

  16. Ynfloeden fan keunststreamingen yn it wurk fan Josse de Haan DADAÏSME & SURREALISME

  17. SNYP Yn 1999 publisearret Josse de Haan syn roman ’Piksjitten op Snyp’. Mei autobiografyske eleminten, surrealistyske effekten en literêre eksperiminten wit hy masterlik de tearheden en wreedheden fan it opgroeien fan in bern yn in lyts Frysk doarp stâl te jaan.

  18. Josse de Haan:’Piksjitten op Snyp’ giet oer de striid tusken de finen en de grouwen op in Frysk doarp.De Nederlânske oersetting krige goeie resinsjes yn de lanlike deiblêden, de Fryske wienen min.’ strjitten yn Peins Dorpsstraat | Kerkstraat | Meester Frankstraat | Potterslan Riedsterweg | Schalsumerweg | Slappeterpsterweg | Zweinserweg | nammen yn Peins Aannemersbedrijf Bruinsma O | Althuis | Appelhof | Bartlema | Boer | Boer, Jan Willem en Yteke de | Bootsma | Bruinsma | Bruinsma O | Buisman, Aant en Pieternel | Doarpshûs Peins | Doeveren | Draaisma | Edens Schipper | Faber | Feenstra | Feenstra Gevelrenovatie & Voegbedrijf R | Fokkema | Gerlofsma | Gjaltema | Haanstra | Hoornstra | Houtsma | Jansma | Jellema | JPJ Design | Kamstra | Kiestra | Kooi | Kouterik | Kuiper W en Kuiper-Frodl H M L | Kunes | L Tummers-van, Ineveld L | Lang | Looge | Looman | Meer | Meijer | Meulen | Miedema | Miersemann | Mook | Mooren | Mourik | Nauta | Plat | Poelstra | Poldervaart | Postma | Rienstra | Riet | Roorda | Rotsma | Schaper | Schuitemaker | Smeden | Stienstra | Terpstra | Terpstra-Smit | Tijsma | Timmer- en Onderhoudsbedrijf Alex de Boer | Tuinman | Vasilev | Veenstra J | Verbruggen | Versteeg Sloop- en Grondwerken | Versteeg-Zwart | Viëtor J | Vollema | Wielink | Wier | Wilbers | Zeinstra | Zweep | Zwieten |

  19. Josse de Haan is op 20 jannewaris 1941 yn Peins (Snyp) berne, hikke en tein • Nei syn oplieding oan de Rykskweekskoalle te • Ljouwert wurdt hy ûnderwizer yn Hjerbeam • Dêrnei wurdt hy learaar Nederlânsk oan de • Rijkscholengemeenschap yn Schagen • Sûnt 1988 is hy fulltime skriuwer • en wennet no yn it Súd-Frânske grinsplak Hendaye

  20. Literêre tydskriften Josse de Haan wie redakteur fan de tydskriften ’Quatrebras’ en ’Trotwaer’

  21. Doe’t Trotwaer neffens De Haan in ynstitút wurden wie, rjochte hy syn ienmans tydskrift iP2r90-Rendez-Vous yn 1990 op.

  22. ’Literatuer is myn libben, myn libben is literatuer.’ Josse de Haan

  23. kolofon Redaksje en gearstalling: Haye Bijlstra Scans en advys: Binne Reitsma advys: Teake Oppewal Produksje fan TRESOAR Ljouwert 2007 www.tresoar.nl

More Related